Sportcast
Yn de Sportcast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele.
De podcast is in ferfolch op it boek 'De Heks van Anjum' dy't Margriet Brandsma skreaun hat oer de pensjonmoarden yn Eanjum. Yn dizze true crime-podcast praat Margriet mei minksen dy't reagearje op har boek. Dat liedt wer ta nije befiningen oer de moardsaak en ta fernuvering oer de wize wêrop’t plysje en justysje te wurk gien binne.
Jennifer en Raynaud presintearje dizze Tsjil podcast foar dy! Yn dizze podcast hawwe se it oer de tsjilste ûnderwerpen en beäntwurdzje se de Tsjilste fragen. En dat makket it dochs echt wol... de Tsjilste Podcast!
Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.