40e Noordelijk Film Festival iepene: "Film hat seker noch takomst"

De fjirtichste edysje fan it Noordelijk Film Festival is offisjeel iepene. 950 minsken sieten yn de seal by de Sweedske film Swoon. Artistyk liedster en programmeur Fredau Buwalda tinkt dat film noch genôch takomst hat: "It is in unike belibbing op in festival."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dêrmei doelt se op de spesjale sfear dy't ek om it Noordelijk Film Festival hinne hinget: "Grutte sealen, grutte doeken, yn it tsjuster. Kinst se mei-inoar sjen en der dêrnei oer prate. En hjir kinst oare minsken en filmmakkers moetsje, dêr giet it om. Film hat seker noch takomst."

Thús sjen is oars

Thús film sjen kin ek, mei Netflix bygelyks. Dat sjocht Buwalda lykwols net as bedriging: "Dat is dochs in oare belibbing. Prima, dat doch ik sels ek en dêr kinst ek hiel bot fan genietsje. Mar dit is noch moaier. Dit is wêr't film echt om draait."
It is dus de fjirtichste edysje. Der is yn dy jierren hiel wat feroare. "It is in stik lytsskaliger begûn. Wol mei deselde passy en drive as no. We binne no grutter en we ha in soad gasten. It is hiel moai groeid troch de jierren hinne."
Wat ek feroare is, is de fokus op Skandinavië. "Dy Noardske fokus ha we yn it lêste desennium ûntwikkele", fertelt Buwalda. "Yn it grutte oanbod fan films en filmfestivals moatte je in plak fine en in profilearring oanbringe yn je keuzes. Dêrom ha we foar dizze noardlike fokus keazen. It slút moai oan by ús namme, by ús lokaasje en by it gefoel fan de minsken dy't hjir komme."
Sels hat se ek har favoriten op it festival. "Ik bin hiel entûsjast oer Barn, Echo, Out Stealing Horses, Harajuku en A White White Day. Fan in pear fan dy films binne hjir ek gasten." Sels sil se net in soad films sjen de kommende dagen. "Ik sil my tariede op de fraachpetearen, want ik ha hast alles al sjoen. Ik rin rûn, genietsje en praat mei de gasten."

Op nei de 50e edysje

Hoe't it festival der oer tsien jier útsjocht, wit Buwalda net. "Nei dit festival sitte we wer om tafel en dan sjogge we fierder nei de takomst. No giet it echt om dit festival. Mar ik hoopje dat we op dizze manier trochgean kinne. Mei in entûsjast publyk dat elkoar moetsje kin yn in moaie festivalsfear."
Fredau Buwalda