De Fryske flagge, in belangryk symboal foar ús Friezen. Sadree't we de pompeblêden sjogge, begjint it hert flugger te slaan... En dy Fryske flagge komst oeral op 'e wrâld tsjin, want oeral binne Friezen. Of sa't we dat sa moai neame: Friezen om utens.

Wennesto yn it bûtenlân en fynst it leuk om dyn ferhaal by Omrop Fryslân te fertellen? Doch dan mei!

Pleats dyn foto as Fries om utens op de kaart

Hoe wurket it?

  • Bisto Fries om utens, dus wennest net mear yn Fryslân, meitsje dan in foto fan dysels mei de Fryske flagge
  • Folje hjir it formulier yn en upload de foto
  • Fierder freegje we dy om noch wat fragen te beäntwurdzjen, sadat elkenien ek te witten komme kin fan wa'tsto ien bist. De antwurden meist fansels ek yn it Nederlânsk skriuwe
  • Dyn ynstjoering wurdt earst goedkard troch de redaksje.
  • Hasto net in Fryske flagge om hannen? Printsje dan ús spesjale Operaasje Fryske Flagge-flagge út

Help nedich?

As it dy net slagget, helpe wy dy graach. Oerdeis kinsto ús redaksje whatsappe foar help: +31682214741. Sy kinne dyn gegevens ek foar dy op de kaart sette.