Gertjan Verbeek oer earste promoasje SC Hearrenfean: "Het feest erna was ongekend"

"Dit was misschien wel het belangrijkste moment voor Heerenveen." Gertjan Verbeek hat it oer de promoasje nei de earedifyzje yn 1990. Hearrenfean wint fan FC Emmen yn de neikompetysje en promovearret foar de earste kear nei it heechste nivo. In grutte stunt, want Hearrenfean einiget dat seizoen as sechstjinde.
Ynternetrepo: Gertjan Verbeek oer earste promoasje: "Het feest daarna was ongekend."
Hearrenfean wint yn de earste difyzje ûnder lieding fan trainer Ab Gritter de earste perioade. Dêrtroch binne se al wis fan de neikompetysje, mar dêrnei giet it allinnich mar minder. Healweis it seizoen nimt Fritz Korbach it oer fan Gritter. Folle better giet it net. Sterker noch, Hearrenfean einiget it seizoen as sechstjinde en net ien ferwachtet dat de klup in rol spylje sil yn de neikomeptysje.
"Het was niet een goed seizoen", sa seit Verbeek, dy't doe by Hearrenfean spile. "We hadden wel een leuke ploeg, begonnen ook goed, maar zakten daarna weg. Over promotie had niemand het."
De klup komt earst yn in pûl fan trije ploegen. De winner spilet dan yn in finale tsjin de winner fan de oare pûl foar ien plak yn de earedifyzje. Hearrenfean ferliest út by Go Ahead Eagles en thús is NAC mei 2-0 de bettere.
Marten Dijk, Richard Goulooze en Gertjan Verbeek © Omrop Fryslân
Dochs komt Hearrenfean werom. Se winne mei 2-0 fan Go Ahead Eagles en moatte dan nei Breda. Hearrenfean wint mei 1-0. Mar promoasje liket dan noch altyd fier fuort. NAC en Go Ahead Eagles moatte noch tsjin elkoar en der is mar ien útslach mooglik. NAC moat mei ien doelpunt ferskil winne. Verbeek: "Ik ga samen met Lubbe (Van Dijk, red.) naar Deventer. We wisten niet wat we zagen. Er stonden in dat hele stadion twee man te juichen en dat waren wij."

Finale tsjin FC Emmen

Hearrenfean moat dan twa kear tsjin Emmen. De earste wedstriid giet yn Emmen mei 1-0 ferlern. "Maar we waren zeker niet kansloos", seit Verbeek. "We hadden wel het gevoel dat er wat in zat." Yn de thúswedstriid begjint Verbeek yn de spits. "Verrek, ik dacht dat ik linksback speelde, maar ik sta in de spits." Hy makket mei in fleanende kopbal nei trije minuten al de 1-0 en noch foar rêst makket Marten Dijk 2-0.
Mei Verbeek sjogge we de gearfetting wer werom. "Pfoe, het niveau is niet best, hè. En Tukker (keeper, red.) heeft ons wel gered. Wat krijgen ze een kansen." Mar Hearrenfean hâldt stân en promovearret foar it earst. "Ik kan kan me vooral het feest herinneren daarna. Eerst meteen na de wedstrijd op woensdagavond, maar het weekend daarna ook nog. We moesten op het stadhuis komen zaterdag en toen waren er duizenden mensen. Toen dacht ik al, nou is het wel klaar, maar toen hadden we zondag weer een feest. Weer duizenden mensen. Niet normaal."
Yn de Hearrenfeanwike sjogge we alle dagen werom op ûnderwerpen út it ferline fan sportklup Hearrenfean. Moandei 20 july bestiet Hearrenfean 100 jier en Omrop Fryslân fiert dat mei ferskate reportaazjes. Elke moarn yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn sjocht ferslachjouwer Roelof de Vries werom op mominten út de skiednis fan de klup, litte we fragminten hearre fan de seis podcasts dy't Omrop Fryslan makke hat oer SC Hearrenfean en ha we in priisfraach. As harker kinst dan it jubileumboek fan SC Hearrenfean winne.
Alles oer SC Hearrenfean en it 100-jierrich bestean kinst weromfine op ús spesjale pagina oer Hearrenfean 100 jier.