Noch seis dagen foar it nije lûd: Hurde wurkers socht

Arjen Overmaat, presintator fan 'Muzyk yn Bedriuw' © Omrop Fryslân
Noch seis dagen en dan begjint de nije radioprogrammearring by Omrop Fryslân. Fan de fiif programma’s dy’t oerdeis te hearren binne, binne fjouwer hielendal nij. Ien programma bliuwt: Muzyk yn bedriuw, lykas no alle wurkdagen mei presintator Arjen Overmaat.
“Mar ek myn programma is ûnder hannen nommen”, fersekeret Arjen. “Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, komme der in flink tal nije ûnderdielen. Sa bûch ik my alle dagen oer in ûnderwerp dêr’t by wize fan sprekken oer praat wurdt by de kofje-automaat."
Gjin swiere nijssaken dus, mar wol nijsgjirrige ûnderwerpen út Fryslân of dêrbûten. Yn de nije kwis Dûbeldop stride twa kandidaten tsjinelkoar. Wa hat de measte muzykkennis? De winner kin by Geert yn de middei de prizepot ferdûbelje".
Oare nije yngrediïnten? "Op woansdei hawwe wy Flean derút. Ferslachjouwer Femke de Walle krijt in bysûndere opdracht yn in doarp of stêd yn Fryslân. En op tongersdeis hear ik watfoar leuks 'Praat mar Frysk' allegearre tsjinkomt".
Undertusken is Arjen al drok dwaande mei de tarieding foar it nije ûnderdiel op tiisdei. "Alle wiken wol ik in meiwurker fan in Frysk bedriuw yn it sintsje sette. Dy persoan wurdt dan beneamd ta TiisdeisTopper. Wa’t dat wêze kin? Tink oan de tawijde boekhâlder dy’t al tweintich jier de sifers op oarder hâldt, de fleurige konsjerzje dy’t sels de bannen fan de learlingen plakt, in ferpleechkundige dy’t op in ôfdieling mei slim sike pasjinten altyd in harkjend ear biedt of miskien wol in bussjauffeur dy’t krekt noch efkes wachtet op in fêste klant.”
Oer tarieding sprutsen: “Oanmelde kin al, hear!” Hoe? “Efkes in mailtsje, nei muzyk@omropfryslan.nl!
Muzyk yn bedriuw, fan moandei oaont en mei freed, tusken 09.00 en 12.00 oere.