Wedstryd Ulesprong live op tv

Omrop Fryslân lit tongersdei om 13.00 oere live de bylden fan de koartebaanwedstriid yn Ulesprong op tv sjen. De bylden mei sfearlûd fan de iisbaan binne te sjen op tv en op www.omroplive.nl. Sjoggers kinne reagearje op sms-nûmer 06-20199499
Oan de koartebaanwedstriid fan iisklup Lyts Begjin dogge 16 manlju mei. De omrop hat folle mear omtinken foar it natueriis. Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening is tongersdei te gast yn Boppeslach Kafee.
Dizze dagen jout Omrop Fryslân wiidweidich omtinken oan alles dat op en om it natueriis hinne bart. Yn it programma Boppeslach Kafee fan kommende tongersdei is fierder ek koartebaanspesjalist Jesper Hospes te gast. En yn it programma Need op Freed skoot ûnder oaren Jan Oostenbrug oan, foarsitter fan it Frysk IIsbûn en iismaster fan de Feriening de Fryske Alvestêden. Hy wurdt no al fan alle kanten belle oer de kânsen op in Alvestêdetocht. Mochten jo sels it iis op de Alvestêderûte yn ‘e gaten hâlde wolle, dan kin dat ek by Omrop Fryslân. Efter it hûs fan waarman Piet Paulusma yn Harns hat de Omrop in webcam op it iis rjochte. De bylden binne live te sjen op ynternet: www.omropfryslan.nl/elfstedentochtwebcam.
Freed hat de Omrop omtinken foar it NK-koartebaan foar froulju yn Alteveer (Grinslân), dêr’t Thijsje Oenema har titel ferdigenje sil. Sy kin dêrfoar krekt op ‘e tiid werom wêze út New York. De ferslachjouwers fan Omrop Fryslân krije it noch drok, want moandei 6 febrewaris moatte sy alwer by it Frysk Kampioenskip Maraton Reedriden wêze yn Hylpen. Hoe soe it dêr komme mei de toppers fan it maratonriden? Want dy sitte op it stuit noch op de Weissensee yn Eastenryk.
Mar der is op de Omrop ek omtinken foar de iiswille fan alle amateur-reedriders. Sa sille ús ferslachjouwers grif efkes sjen by de earste toertocht yn Fryslân takom sneon op de Jan Durkspolder by Earnewâld. En komme der moaie reportaazjes en bylden fan de iisbanen yn Fryslân op radio en televyzje. Dit en mear iiswille de kommende tiid op Omrop Fryslân. Hâld foar mear ynformaasje de website yn ‘e gaten. Yn de spesjale iisaginda (www.omropfryslan.nl/iisaginda) binne de iiseveneminten yn Fryslân te finen. Ynformaasje foar de iisaginda kinne jo stjoere oan: redaksje@omropfryslan.nl