Omrop Fryslân

Hieltyd mear agresje tsjin lokale politisy: "It docht my echt sear"

Sjoerd Keizer
© RTV NOF, Demi Hoekstra
Der is mear agresje tsjin gemeenteriedsleden as fjouwer jier lyn. Fan deadsbedrigingen oant yntimidaasje fia sosjale media: it is gjin útsûndering mear foar Fryske riedsleden.
Ien tredde fan de 47 respondinten jout oan wolris te meitsjen hân hawwe mei agresje of yntimidaasje. Dit docht bliken út ûndersyk fan de regionale omroppen yn gearwurking mei de NOS.
Sjoerd Keizer, riedslid foar S!N yn Noardeast-Fryslân, hat hjirmei te meitsjen hân. Hy hat yntimidearjende brieven krigen doe't der praten waard oer in azc yn Dokkum.
"It docht my echt sear en ik fyn it ferskriklik dat it sa giet", fertelt Keizer as hy deroan weromtinkt. "As riedslid wol ik just it petear oangean, dus ik fyn datst boppe dit soarte fan brieven stean moast."
It giet somtiden hiel fier en dat giet my oan it hert.
Sjoerd Keizer, riedslid
Neist digitale yntimidaasje is hy ek op strjitte oansprutsen oer de kwestje. Keizer fynt dat minsken ferjitte dat hy neist riedslid ek noch gewoan in persoan is. "It giet somtiden hiel fier en dat giet my oan it hert."
De enkête is fjouwer jier lyn ek hâlden ûnder riedsleden, doe wie agresje hast net oan de oarder. Mar seis prosint fan de dielnimmers joech oan dêrmei te krijen te hawwen.
Keizer sit al mear as 10 jier yn de ried en werkent dit byld. "Yntusken is de sfear rjochting ús echt oars. Dit sjochst lanlik ek wol."

Hieltyd mear bedrige

Yn de ôfrûne fjouwer jier hawwe der meardere gefallen west fan bedriging yn de Fryske polityk.
Sa is Douwe Hooijenga fan ChristenUnie Tytsjerksteradiel telefoanysk mei de dea bedrige: "Myn namme waard sein en doe wie it: ik maak je af, ik schiet je dood", sei Hooijenga. "De hierren stienen my oerein."
Johan Talsma út Dokkum fan BVNL, fûn begjin 2022 in brief ûnder syn rutewisker dêr't yn stie: "Ik weet dat uw vrouw werkt en dat uw kinderen op school zitten bij de Karwei. Hen zou toch niks moeten overkomen." Hy hat oanjefte dien.
En wethâlder yn Eaststellingwerf, Gerben Hut is yn 2024 sels ferhuze troch oanhâldende bedrigings: "Mijn vrouw is door dezelfde persoon bedreigd. Daar werd gewoon een kettingzaag in de lucht gehouden."
Nettsjinsteande de tanimmende agresje wjerhâldt it riedsleden net om wer mei te dwaan oan de ferkiezingen. Krekt as lanlik docht ek yn Fryslân trije kwart fan de respondinten gewoan wer mei oan de ferkiezingen.
Al jout wol in oantal oan dat it harren wurk beynfloedet. Sa jout in dielnimmer fan de enkête oan: "Je gaat nadenken over wat je wel en niet gaat zeggen of je denkt soms: laat dit debat maar aan mij voorbijgaan."
Keizer is by de kommende ferkiezingen net mear ferkiesber, mar is wol listtriuwer. Neffens him hie de agresje neat te meitsjen mei dizze kar.

Ferantwurding

Der binne sa'n fjouwerhûndert riedsleden yn Fryslân en dêrfan hawwe 47 de enkête ynfolle.
Hieltyd mear agresje tsjin lokale politisy

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.