Op de lêste dei fan it jier pakke wy noch ien kear út. Fansels mei De Fryske top 100, mar ek mei it útdielen fan ferrassingspakketten. Ferslachjouwer Geert van Tuinen hat de auto fol pakketten, mar wêr moat hy dy hinne bringe? Dat is oan dy! Nei dy buorfrou dy't altyd foar dy klear stiet? Foar dyn broer dy’t altyd de fleur der ynhâldt? Nei dyn man dy’t siik is, mar net fan opjaan wit?

Wa moatte wy op 31 desimber noch in hert ûnder de riem stekke mei in Omrop Fryslân ferrassingspakket?