Kom fierder mei de app fan Omrop Fryslân!

Al it nijs út Fryslân
Op hokker momint fan de dei oftsto ús app ek iepenest: do sjochst altyd it wichtichste nijs, de nijste fideo's en ferhalen út Fryslân. Folgesto it nijs op 'e foet? Op de side 'Lêste nijs' sjochst it lêste nijs yn ien eachopslach.

Frysk en Nederlands
It nijs yn it Frysk? Of toch liever het nieuws in het Nederlands? Do bepaalst! Jou oan hokker taal oft dyn foarkar hat en krij tenei automatysk it nijs yn de taal fan dyn kar. By elk artikel kinst ek noch skeakelje tusken beide talen, in ideale manier om dy it Frysk eigen te meitsjen.

Live radio, tv en streams
Folgje wichtige eveneminten op 'e foet fia ús livestreams. Sjoch en harkje fia de app live nei ús programma's, lykas Fryslân Hjoed, HEA! of Op & Ut. Of as it dy it bêste útkomt. Dan stiest der sa alder machtichst tichtby!

Podcast
Neigenietsje fan it sportwykein mei de Sportcast of bysûndere ferhalen yn de podcast fan FryslânDOK: do beharkest de moaiste Fryske podcasts fuort fia de app.

Streekrjocht kontakt mei de studio
Hasto in fersykje of wolst meidwaan mei in aksje? Stjoer fia de app in berjochtsje nei de radiostudio.

Sykje
Sykje en strún troch it lêste nijs mei de sykfunksje.

Download de Omrop-app yn de App Store of Google Play Store.